Fryske wolfeart bliuwt achter

© Omrop Fryslân
De groei fan de wolfeart yn Fryslân bliuwt achter by de rest fan it lân. It Gearwurkingsferbân Noard-Nederlân (SNN) hat dat bekendmakke. De Fryske wurkgelegenheid nimt wol ta, mar minder as it lanlike trochsneedsifer.
Der is gjin reden foar panyk, sizze SNN en MKB Fryslân. Wol moat ús provinsje derfoar soargje dat ôfstudearre jonge minsken net nei de Rânestêd ferdwine.