Jongereinwurker yn Dantumadiel

© Omrop Fryslân
Dantumadiel lûkt 80.000 gûne út foar it oanstellen fan in jongereinwurker. Dy moat in ein meitsje oan it omhingjen fan jongeren op 'e dyk. De jongerewurker moat yn oerlis mei de jeugd alternativen betinke en ek it oerlis tusken jongerein en gemeente regelje.
Dantumadiel hat skjin syn nocht fan de omhingjende jeugd. Dy hat al foar in soad fernielings soarge.