Tebeksetter foar Oostergo?
Oostergo Bedriuwen yn Dokkum rekket mooglik syn grutste opdrachtjouwer kwyt. Dat soe betsjutte kinne dat fyftich wurknimmers sûnder wurk komme te sitten.
De sosjale wurkfoarsjenning Oostergo Bedriuwen set foar Sara Lee toiletferfrissers yn inoar. Sara Lee wol dêr no in ein oan meitsje. Oostergo besiket it tekearen, mar sjocht al om nei oar wurk.