Trekkers dogge 'Alvestêden'
Net alle Alvestêdetochten binne troffen troch de tongblierkrisis. Dy foar âlde trekkers giet wol troch, no freed. Mear as 170 âlde trekkers sille yn twa dagen in slach troch Fryslân meitsje.
De karavaan giet freedtemoarn om sân oere út Ingelum wie, om it súdlike part fan de tocht te riden. Nei tolve oeren komme se yn Ingelum werom. Sneon wurdt dan starten foar it noardlike part.