Sirenes gean net ôf by kontrôle

© Omrop Fryslân
Yn it noarden fan Fryslân hawwe by de jierlikse kontrôle de alarmsirenes woansdei net wurke. Troch in kompjûtersteuring waarden de sirenes net goed oanstjoerd.
Fryslân is yn 3 sirene-regio's opdield. Yn ien dêrfan, it noarden en in part fan Ljouwert, wurken de sirenes net. Dat soe te meitsjen hân hawwe mei in ôfwiking yn de klok fan de sirenes.