Ferset tsjin paskes dakleazen
Dak- en thúsleazen yn Ljouwert komme yn ferset tsjin it paskesysteem dat de gemeente ynfiere wol. Mei dat systeem binne de gemeente en opfang De Terp fan doel de oerlêst troch bygelyks drugsferslaafden te bestriden.
Net alle dak- en thúsleazen komme yn 'e beneaming foar in paske dat rjocht jout op in opfangplak. Minsken dy't foar oerlêst soargje, reitsje it paske kwyt.