Nije boargemaster Wymbrits
Jacob Reitsma is tiisdei yn Drylts ynstallearre as nije boargemaster fan Wymbritseradiel. Reitsma wie sûnt 1986 lid fan de Twadde Keamer foar it CDA. Dêrfoar wie hy lid fan de gemeenteried yn de Noardeast-polder.
Reitsma is 56 jier en komt fan Wytmarsum. Yn Fryslân wie hy earder riedslid, fraksjefoarsitter en letter ek wethâlder.