Seis jier sel poging deaslach

© Omrop Fryslân
In 26-jierrige Ljouwerter hat seis jier sel krigen fan it Hôf fanwege poging ta deaslach. De man hat ferline jier in 33-jierrige befeiligingsman delslein mei in honkbalkneppel by swimbad De Blauwe Golf yn Ljouwert.
De rjochtbank hie de dieder earder deselde straf oplein foar in poging ta moard. It Hôf fûn dat de man net it doel hie om it slachtoffer om te bringen.