Ynfojûn oer gefaar Rendac
De provinsje hâldt tongersdei yn Burgum in ynformaasjejûn oer kadaverfabryk Rendac. Omwenners meitsje harren soargen oer de útstjit fan saneamde prioanen ôfkomstich fan BSE-kij. Dy soene skealik wêze foar de folkssûnens.
As tarieding hat de provinsje fersocht fragen safolle mooglik skriftlik yn te tsjinjen. De antwurden binne nei te lêzen op www.fryslan.nl.