Krekte oerwinning Cambuur

© Omrop Fryslân
Cambuur hat snein op it lêst de twadde wedstriid yn de neikompetysje tsjin Sparta wûn. Yn de 89e minút kamen de Ljouwerters foar te stean troch in goal fan Van Utrecht. Yn de earste helte skoarden beide ploegen elk in kear.
Cambuur hie fierwei de bettere kânsen, mar like mei lykspul te einigjen. De ploech fan trener Kruys docht nei dizze oerwinning wer mei yn de neikompetysje.