Fûgelnêsten op Skier fuortspield

03 jun 2001 - 00:00

Tûzenen aaien en pykjes fan seefûgels op Skiermûntseach binne yn de nacht fan sneon op snein troch heech wetter ferswolgen. It springtij kaam heger troch de stoarm en hurde wyn.

Neffens Natuermonuminten is de sitewaasje dramatysk, mar it fuortbestean fan de fûgelkoloanjes wurdt net bedrige. Mear as 5000 kobbenêsten, 600 fiskedievenêsten en leppelbekkebriedsels binne fuort.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)