Jildpinner bewustleas slein

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Ljouwert is freed om 23.15 oere berôve by in jildautomaat op it Saailân. Nei't er de pinkoade yntoets hie, krige er in pets en rekke eefkes út 'e tiid.
Wer bykommen drukte de dief him it paske yn 'e hannen en naaide mei it jild út rjochting Weaze. De plysje siket om in blonde jonge frou dy't by de oare automaat stie. Mooglik kin sy helpe.