Earste kij nei tongbliergebiet

02 jun 2001 - 00:00

Nei de tongblierkrisis kaam sneon foar it earst wer nij fee nei it gebiet Ie-Eanjum. Atze Holwerda hat de primeur. De boer hat yn Castricum (NH) tolve melkkij en sân pinken kocht. Letter sil er de feesteapel fierder útwreidzje.

Boer Holwerda docht gjin berop op de feebank. It wie net dreech om oan kij te kommen, seit er. Stadichoan reitsje de greiden yn Dongeradiel wer fol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)