Natuergebieten wer iepen

01 jun 2001 - 00:00

De natuergebieten mei fee binne wer iepensteld. Op 23 febrewaris waarden gebieten ôfsletten fanwege de tongblier. Freed hat it Fryske Gea út Den Haach wei grien ljocht krigen om de gebieten wer foar publyk tagonklik te meitsjen.

Allinnich de súdkant fan it Lauwersmargebiet dêr't Skotse Heechlanners rinne, is noch ticht foar publyk. En twa kuierrûtes yn de sône om Ie hinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)