Seizoen oer foar Peter de Roo

© Omrop Fryslân
Cambuur-middenfjilder Peter de Roo komt net mear yn aksje yn de neikompetysje. Hy is tiisdei yn de earste wedstriid útfallen mei in achillespeesblessuere. De Roo ferwachtet sels dat hy pas nei de fakânsje wer fuotbalje kin. Hy hat dit seizoen amper spile fanwege in selde blessuere oan de oare foet.
It Cambuurpublyk sil snein âld-spiler Richard Elzinga yn it sintsje sette.