Te min plak foar opfang famkes

31 maaie 2001 - 00:00

De opfang fan jonge prostituees yn Ljouwert hat mear kapasiteit nedich. Neffens opfangynstânsje Asja binne der twa kear safolle plakken nedich.

Asja, de iennige opfang foar jonge prostituees yn Nederlân, hat yn oardel jier tiid 35 bern opfongen. Lang net elkenien kin lykwols holpen wurde. Mear opfang kostet in miljoen gûne. Gemeente en provinsje kinne dat net betelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)