Melkert: 'stipe foar Ljouwert'

© Omrop Fryslân
It Ryk moat mear dwaan om de posysje fan Ljouwert te ferbetterjen. Dat sei PvdA-fraksjefoarsitter Melkert tongersdei, by in wurkbesite oan de stêd.
Melkert en de twa Fryske Keamerleden Middel en Van der Hoek wienen yn Ljouwert om mear ynsjoch te krijen yn de problemen fan de stêd. Ljouwert besiket al tiden om de status fan 'netwurkstêd' te krijen.