'Gjin kearnôffal yn Ternaard'

31 maaie 2001 - 00:00

Dongeradiel protestearret yn in brief oan it Ryk tsjin de ûndergrûnse opslach fan kearnôffal by Ternaard. Yn Dútse en Amerikaanske sâltkoepels is it radioaktive materiaal fia it grûnwetter yn it miljeu fuortlekt, sizze B en W.

Kearnôffal wurdt no noch boppegrûns opslein yn Borssele. Linkelytsen ûntstiet der in ôffalberch. It guod komt fan kearnsintrales, sikehuzen en yndustry.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)