Grutte brân yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
By in grutte brân by in recyclingbedriuw yn Wolvegea is tongersdei asbest frijkommen. De plysje warskôge de befolking fuortendaliks. De hoeveelheid frijkommen asbest blykte letter ta te fallen. It recyclingbedriuw baarnde folslein út.
It gefaar bestie in skoft dat it fjoer oerslaan soe nei in opslach fan gemysk materiaal. Boargemaster Heite oerwage dêrom it doarp te evakuearjen.