Wol autoleaze snein yn haadstêd

30 maaie 2001 - 00:00

De autofrije snein yn Ljouwert moat neffens it kolleezje op 23 septimber wêze. Dêrmei giet it kolleezje tsjin de winsk fan de riedskommisje yn, dy't op de Europeeske autoleaze dei, in dei earder, oanslute woe.

B en W fan Ljouwert wol op de snein in skate-barren hâlde. Dat past better op dy dei om't der mear belangstelling is en om't der minder personiel nedich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)