Hearringjild foar spiersykte

© Omrop Fryslân
De ferkeap fan in fetsje hearring hat tiisdei yn Grou sa'n 2500 gûne opbrocht. Tradysjegetrou wurdt de earste hearring yn Grou ferkocht foar in goed doel. Dit jier is dat de Vereniging Spierziekten Friesland. In sponsoraksje ûnder de oanwêzigen smiet nochris 3000 gûne op.
It goede doel is keazen fanwege de Alvestêdetocht dy't David van der Woude fan 'e Jouwer, dy't dy sykte hat, fytse sil.