Undersyk fan Fryske Gea

29 maaie 2001 - 00:00

It Fryske Gea is benijd nei wat de Friezen fan de natuergebieten yn de provinsje fine. Mei in enkête wol de organisaasje dúdlikheid krije oer har eigen ynfloed. De útkomsten kinne beskiedend wêze foar nij te meitsjen belied.

Oan de ein fan dit jier moatte de earste risseltaten fan it ûndersyk bekend wurde. Takom maitiid wurdt de algemiene rapportaazje ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)