Dyk Dokkum-Nijegea fjouwerbaans?

© Omrop Fryslân
De nije dyk fan Dokkum nei de Wâldwei by Nijegea moat eins fuortendaliks in fjouwerbaansdyk wurde. Dat seine wethâlders Bokma en Boorsma fan de gemeenten Dantumadiel en Dongeradiel moandei.
De wethâlders joegen har fisy by de oanbieding fan it rapport 'Wei fan in dyk' oan deputearre Bijman. Dy liet by dy gelegenheid witte dat it noch wol oant 2015 duorret ear't de dyk der leit.