Henk Prins bêste gûchelder
Gûchelder Henk Prins fan Droegeham is dit wykein Nederlâns kampioen wurden yn de kategory close-up gûcheljen. Dêrmei hat Prins syn reputaasje befestige, want earder waard er ek alris nûmer 1 en 2.
Henk Arnoldus, krekt as Prins lid fan de Magyske Ring Fryslân, kryg de priis foar de meast orizjinele act. De kampioenskippen waarden dit wykein hâlden yn Stadskanaal.