FNP wol nije enkête jongerein

28 maaie 2001 - 00:00

De FNP yn Wûnseradiel wol dat de gemeente in enkête ûnder de jongerein oer harren winsken fuortsmyt en op 'e nij docht. Neffens de FNP is de enkête net anonym, wylst dat wol garandearre wie.

De FNP wol dat Wûnseradiel de reaksjes fan de jongerein ferneatiget. De fraksje wol boppedat nochris mei de kollegapartijen en it kolleezje fan B en W prate oer de ynhâld fan de enkête.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)