Boarnsterhim sprekt reserve oan

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim moat de kommende tiid syn reserves oansprekke. De gemeente wol sa'n achthûnderttûzen gûne fan de reserve brûke om de begrutting slutend te meitsjen.
Boarnsterhim ferwachtet noch mear gatten folje te moatten. Ein ferline jier hie de gemeente noch in reserve fan tolve miljoen. De gemeente wol dêr minstens 4,2 miljoen fan oerhâlde.