'Mear gearwurking minderheden'

26 maaie 2001 - 00:00

De minderhede-organisaasjes FUEN en it Europeesk Buro foar Lytse Talen moatte mear gearwurkje. Dat fynt Alex Riemersma, bestjoerslid fan it Buro.

De gearwurking rint op it heden net goed, om't beide foarsitters net goed mei-inoar kinne. Riemersma fynt dat dat gjin rol spylje mei. Hy wol fierders de stúdzjereizen fan it Buro foar mear nasjonaliteiten iepenstelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)