Sloeperace Harns - Skylge

© Omrop Fryslân
De sloeperace tusken Harns en Skylge is freed mei wynkrêft fjouwer oant seis en moai sinneskynwaar úteinset. Oan de 27e edysje dogge 130 dielnimmers mei.
De oertocht duorret foar de measte boaten op syn minst fjouwer oeren. De rappere roeiers binne lykwols al nei twa-en-in-healoere op Skylge. Wat oait as in weddenskip begûn, is útgroeid ta ien fan de gruttere wettersportbarrens.