Snits dochs noch yn bekerfinale

© Omrop Fryslân
Snits stiet nei in dreech seizoen dochs yn de finale fan de noardlike distriktsbeker. De Friezen wûnen woansdei de heale finale yn Urk fan de Urkers nei penalty's. Yn de 45e minút skoarde Schat foar de Snitsers.
Yn de alderlêste minút skoarde Urk ek noch in goal. Mei pingels waard de wedstriid beslist. Yn de finale moat Snits tsjin de Harkemase of Drachtster Boys.