Keale Dunen noch altyd op slot

23 maaie 2001 - 00:00

De Keale Dunen by Appelskea binne noch altyd net tagonklik foar publyk. Yn ferbân mei de tongblier is it natuergebiet ôfsletten. Minsken hâlde har net mear oan it ferbod.

Steatsboskbehear hat hâlden en kearen om de besikers út it gebiet te hâlden. Mei it each op it kommende Himelfeartwykein wurde ekstra plysjeminsken ynset om de kuierders út de dunen te kearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)