Otterpark wurdt Bistepark

23 maaie 2001 - 00:00

Otterpark Aqualutra yn Ljouwert liket noch takomst te hawwen. In rekreaasjebedriuw út Brabân wol der in temapark fan meitsje mei wolven en seehûnen. De Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân docht ek mei. It park kin as staazjeplak foar de studinten fungearje.

Aqualutra dat yn 1994 iepene waard, sit al tiden yn swier waar. Yn 1998 wie der in skuld fan in miljoen gûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)