Learlingen rinne Ofslútdyk oer

© Omrop Fryslân
Tiisdei binne learlingen fan it Comenius College begûn te rinnen fan Den Oever rjochting Fryslân. Se dogge it net foar de lol, mar foar it goede doel. Om 04.15 oere moarns binne se úteinset.
It sponsorjild wat se fertsjinje giet nei de projekten Túnkersstrjitte en Us Dream en de Stichting Wereldkinderen. It is dit jier foar it earst dat de sponsortocht oer de Ofslútdyk hâlden wurdt.