Frijwilligers nei Roland Garros

© Omrop Fryslân
Twa Friezen gean it Pinksterwykein nei it tennistoernoai Roland Garros yn Parys. Annie Hoekstra út Aldeholtpea en Martin Nicolai fan Feanwâlden hawwe in Nasjonale Frijwilligersreis wûn. Oer it hiele lân binne der sechtich winners.
Se hawwe in protte wurk ferset foar in tennisferiening. De priis is yn it libben roppen troch it tennisbûn KNLTB en in lanlike keten fan sportsaken.