Bedriuwepark posityf ûntfongen

22 maaie 2001 - 00:00

Ynwenners fan Tsjalbert binne oer it generaal posityf oer it nije bedriuweterrein by it klaverblêd. Dat die moandei bliken op in ynformaasjejûn oer de plannen. De gemeente moat allinne wol fan it doarpke Terbant ôfbliuwe neffens de oanwêzigen.

It 100 bunder grutte bedriuweterrein oan 'e A7 moat yn 2003 klear wêze. Sân jier letter is it fol, sa is de ferwachting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)