Fertraging troch treinbotsing

© Omrop Fryslân
Yntercities fan en nei Ljouwert ride tiisdei mei fertraging. Oarsaak is in botsing op it stasjon fan Swolle tusken de trein nei Ljouwert en in frachttrein, moandeitejûn. Sân reizgers rekken lichtferwûne. In kondukteur bruts de earm.
Troch it ûngelok rekke de boppelieding stikken. Dy moat no hersteld wurde. Sadwaande ride der gjin treinen tusken Swolle en it Harde.