Houlik giet oan Ljouwert foarby

© Omrop Fryslân
It houlik fan kroanprins WillemAlexander en Máxima Zorreguieta giet oan Ljouwert foarby. De stêd hie har earder dit jier oanmeld foar de plechtichheid, neidat de ferloving fan de beiden oankundige wie.
Moandeitemoarn is lykwols bekend wurden dat sawol it boargerlik as it tsjerklik houlik yn Amsterdam sletten wurdt. Dit bart op sneon 2 febrewaris 2002.