Twadde sege partuer-Kuipers

© Omrop Fryslân
Foar de twadde kear dit seizoen hat it partuer André Kuipers, Pieter van Tuinen en Chris Wassenaar in frijeformaasjepartij wûn. Yn Sint Anne wiene se Johannes Dijkstra, Henk Vlietstra en Douwe Groenendijk oermânsk.
De lytse preemje wie foar it trio Simon Minnesma, Kor Zittema en Marten Veenstra. Der binne dit seizoen oant no ta trije frijeformaasjepartijen spile.