CR Delta kin wer ynseminearje

19 maaie 2001 - 00:00

No't de maatregels fanwege tongblier om Ie en Eanjum hinne foarby binne, betsjut dat foar ynseminaasje-bedriuw CR Delta dat it har wurk wer oppakke kin. Fan moandei ôf kinne boeren har opjaan as se deunske kij ha.

Dizze wike is bekend wurden dat lanlik 300 minsken derút moatte by CR Delta. In soad boeren ha nammentlik keazen foar sels keunstmjittich ynseminearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)