Húsdokters ha no echt har nocht

© Omrop Fryslân
Fryske húsdokters begjinne no echt har nocht te krijen fan de plannen fan minister Borst fan Folkssûnens. Fanôf takom jier kin de minister nije aksjes ferwachtsje as der net mear jild op it kleed komt.
De húsdokters rinne dit jier 125 miljoen gûne mis fan de beloofde 250 miljoen, omdat de regeling fan Borst pas yngiet per 1 juny oansteande.