ROV: hânfrij belje ek gefaarlik

18 maaie 2001 - 00:00

It Regionaal Orgaan foar de Ferkearsfeiligens yn Fryslân, it ROV, fynt it ferbod op hânmjittich beljen yn 'e auto net fier genôch gean. Minister Netelenbos fan Ferkear hat tongersdei bekendmakke dat der noch dit jier in ferbod komme sil.

It ROV wol lykwols dat der in totaalferbod komt. Ek hânfrij beljen is neffens de organisaasje noch te gefaarlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)