Tongblieraksje by prinsehoulik

18 maaie 2001 - 00:00

Aksjekomitee Burgers Steunen Boer en Dier hâldt sneon by it houlik fan Prins Constantijn en Laurentien Brinkhorst in stil protest. Se wolle de heit fan de breid, lânbouminister Brinkhorst, dúdlik meitsje dat it yn tongbliergebieten as Fryslân gjin feest is.

Tsjinstanners fan it ôfmeitsjen fan sûn fee moatte yn swarte klean en mei swarte flaggen nei Den Haach komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)