Ballonnen meie wer omheech
De ballonfarders op 'e Jouwer binne bliid. Lang om let meie de ballonnen de loft wer yn. Lange tiid koe dat net fanwege de tongblierkrisis. Yn oerlis mei it lânbouministearje is besletten dat no bûten it tafersjochgebiet fearn wurde mei.
De boeren moatte lykwols noch ynljochte wurde oer de ferbodsopheffing. Dêrom farre de ballonnen net earder as sneon.