Nij type coaster doopt

© Omrop Fryslân
De nije coaster Oostersingel is woansdei yn Harns doopt. It giet om in Damen Combi Freighter dy't yn Burgum boud is. It skip is bysûnder omdat it rom rjochthoekich is. Dêrtroch kin der mear lading yn, 3850 ton.
It 90 meter lange skip hat troch it rom minder kâns op skea om't der gjin spanten ynsitte. Troch de foarm fan de coaster ferbrûkt it ek minder brânstof.