Skip is probleem foar CDA

16 maaie 2001 - 00:00

CDA-riedslid Bandstra fan Nijefurd hat syn eigen fraksje yn swier waar brocht. Hy hat syn wenark op in yllegaal plak te lizzen. Dat is net goed foar de partij en de ried, fynt de fraksjefoarsitter.

Bandstra ferpleatste syn skip nei Himmelum wylst er dêr gjin fergunning foar hie. Fan sneon ôf leit de gemeente him in twangsom op fan 250 gûne per dei as it skip der noch langer leit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)