Stipe foar bosklânbousysteem

16 maaie 2001 - 00:00

De Stichting Boslandbouw krijt mear as 20.000 gûne subsydzje fan de provinsje. It jild is foar it projekt BoskgreideWeiderij, dat him op biologyske molkgeitehâlderijen rjochtet.

Op trije proeflokaasjes, yn Oentsjerk, Wyns en De Fochtel, wurdt in nij bosklânbousysteem oanlein. Geiten kinne dan neist gers ek blêden en basten fan strûken ite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)