Konmar iepenet earste filialen

© Omrop Fryslân
Woansdei binne om 9.00 oere de earste twa Fryske Konmar-filialen iepen gien. De nije supermerkformule dy't konkurrearje moat mei Albert Heijn, hat de lêste tiid in soad yn it nijs west.
Yn Ljouwert iepenje de twa supermerken oan de Eksterstrjitte en it Hoeksterpaad harren doarren. De namme Nieuwe Weme heart foar dizze winkels dêrmei foargoed ta it ferline.