Ynternetkafee yn Toutenburg

15 maaie 2001 - 00:00

Yn Nieuw Toutenburg is sûnt tiisdei in ynternetkafee foar de âlderein. Yn it geriatrysk ferpleechtehûs sille frijwilligers de bewenners helpe om har wei te finen op ynternet. Fan de 200 bewenners binne tsien al aktyf oan 'e gong op de twa beskikbere kompjûters.

It is de bedoeling om alle âlderein fan Tytsjerksteradiel in ynternetkursus te jaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)