Nije aksje 'Ent Europa'

© Omrop Fryslân
De aksjegroep 'Ent Europa' begjint takom moandei mei in nije kampanje tsjin it hjoeddeiske non-faksinaasjebelied. It doel is om 7000 raamposters en 7000 autoposters te fersprieden oer Fryslân.
Boppedat wurde ek learlingen fan basisskoallen frege oft sy meiwurkje wolle oan in kaarte-aksje. Foar de aksje wurde 100.000 kaarten makke, dy't bestimd binne foar de beliedsmakkers.