Piter Wilkens lêst foar
Piter Wilkens is ien fan 'e bekende Friezen dy't meidocht oan 'e Nasjonale Foarlêsdei. De Fryske sjonger wie tiisdei op skoalle De Brêge yn It Heidenskip om foar te lêzen en te sjongen. De offisjele Foarlêsdei is pas woansdei, mei de foarlêsfinale yn Utrecht.
De Brêge is in trijetalige basisskoalle. Njonken Frysk en Nederlânsk krije de bern ek Ingelske les.