Jonge mei staaf op holle slein

© Omrop Fryslân
In 15-jierrige ynwenner fan Drachten is dit wykein ferwûne rekke doe't er mei in staaf op 'e holle slein waard. Dat barde neidat in jonge him bemuoid hie mei in rûzje tusken twa famkes.
Ien fan de famkes sei dat se immen op him ôfstjoere soe. Dat barde. De man sloech de jonge op 'e holle. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje hat in fertochte oanholden.